Reeën op Skylge wurde ûnterjochte ôfsketten

23 sep 2016 - 22:10

De provinsje sjit op Skylge ûnterjochte reeën ôf. Dat seit steatssekretaris Martijn van Dam as antwurd op keamerfragen fan de Partij van de Dieren. Twadde Keamerlid Marianne Thieme woe witte oft it kloppet dat der fan de provinsje alle jierren 70 reeën ôfsketten wurde meie, wylst dêr neffens saakkundigen gjin inkelde reden foar is. Thieme fynt dat it ôfskot sa gau as mooglik ophâlde moat.

De provinsje hie in ûntheffing ôfjûn foar it ôfsjitten fan reeën yn it belang fan de ferkearsfeiligens, skea oan gewaaksen en om foar te kommen dat sike bisten lije. De provinsje seit no dat it ôfsjitten fan de reeën net ûnder dy doelstelling falt en nimt dêrom no maatregels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)