UPDATE: Plysje siket tsjûgen nei oanriding yn Ljouwert

24 sep 2016 - 09:39

In 74-jierrige fytser út Ljouwert is freedtejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Archipelwei yn syn wenplak. De man waard op de krusing mei de Kastanjestrjitte skept troch in 24-jierrige autobestjoerder út Feanwâlden. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De automobilist sei tsjin de plysje dat er tocht dat de fytser ôfremje soe. By ûndersyk trof de plysje trije wikkels kokaïne oan by de Feanwâldster. Om't er mooglik ûnder ynfloed fan drugs ried, is der in bloedproef by him ôfnaam. 

De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)