Samsom wol troch as listlûker fan de Partij van de Arbeid

23 sep 2016 - 20:21

Ald-Ljouwerter Diederik Samsom hat him opnij beskikber steld as listlûker foar de Partij van de Arbeid. Op syn op freed lansearre webside doorknokken.nl seit de hjoeddeiske lieder fan de PvdA dat hy noch hieltyd baarnt fan de ambysje om troch te gean. Oant 24 oktober kinne tsjinkandidaten harren melde, yn dat gefal komme der listlûkerferkiezings.

Samsom is sûnt 2012 listlûker fan de PvdA en waard yn dat jier de twadde partij fan Nederlân. Nei in regearperioade mei de VVD stiet de PvdA der op dit stuit min foar yn de peilingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)