Advokaat: ''Diel allinne boeten út om ferkearsfeiligens''

23 sep 2016 - 19:38

It is in goede saak dat de Twadde Keamer fynt dat ferkearsboeten allinne noch útdield wurde meie as it giet om de ferkearsfeiligens. Dat sei advokaat Bart Canoy freed yn it radioprogramma Weistra op wei by Omrop Fryslân. Earder dizze wike waard bekend dat boeten oplein waarden om de begrutting fan it Ministearje fan Justysje klopjend te krijen. Plysjes hienen al in soad krityk utere op it hjoeddeistige boetesysteem. Se fine dat se net ferantwurdlik binne foar de steatskas.

''Eltse agint moat in ôfwaging meitsje kinne oft in boete it goede middel is as in warskôging'', fynt Canoy. It giet net allinne om te hurd riden, mar ek om fout parkearje. Meastentiids is it in oertrêding fan in regel, mar dêrtroch ûntstiet net fuortendaliks in ûnfeilige situaasje. Boppedat seit Canoy dat der noch nea in streekrjocht ferbân oantoand is tusken it tanimmen fan it tal ferkearsboeten en de ferkearsfeiligens.

Trefwurden: 
Bart Canoy boete plysje ferkear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)