Bever sjoen tusken Drylts en Snits, twadde yn Fryslân

© Harry Bosma
Yn it wetter tusken Drylts en Snits swimt sûnt koart in bever. Oant no ta wie der mar ien bever yn hiel Fryslân. It Fryske Gea pleatse in webcam nei in melding fan in fisker dy't in bever sjoen hie. Harry Bosma fan Wetterskip Fryslân is wis dat it om in oare bever giet as dy't ek yn de Tsjûkemar swimt. "Dy bever mist in hap út syn sturt. Op de bylden is te sjen dat dizze bever dat net hat."
Bosma hat it fermoeden dat de bever earder útset is yn in oare provinsje en no nei dizze kant swommen is. Fan de twa bevers is net bekend oft it om mantsjes of wyfkes giet.