Kuierje, drave en fytse oer de Sintrale As

24 sep 2016 - 06:00

In primeur foar de ynwenners fan de doarpen rûnom de Sintrale As. Sneon meie se kuierje, drave en fytse oer de nije dyk by it evenemint Sport op de As. En dêr meitsje se manmachtich gebrûk fan: hast 9.000 minsken ha har opjûn foar de ferskate aktiviteiten.

Om healwei achten giet de hurddraaftocht fan start en middeis fan healwei trijen ôf mei elkenien op de fyts of rinnend de As op foar de saneamde 'Elfdorpentocht'.

Ofsletten

Fanwege it evenemint is de Sintrale As de hiele dei ôfsletten foar ferkear. Oer twa wiken wurdt de Sintrale As offisjeel iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)