Fryske paralympiërs huldige yn provinsjehûs

De Fryske paralympiërs binne freedtemiddei huldige yn de steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert. De atleten waarden tasprutsen troch ûnder oaren deputearre Michiel Schrier en Anne Jochem de Vries, direkteur fan Sport Fryslân. Chef de mission André Cats wie ek oanwêzich yn de steateseal.
Liesette Bruinsma fan Wommels wie ien fan de medaljewinners dy't freed huldige waard. De Paralympysk swimster waard earder ek noch riddere yn 'e Oarder fan Oranje Nassau.
Foar Chef de mission Andre Cats wiene de Paralympyske Spelen tige bysûnder. ''Wat ik prachtig vond, was het teamgevoel. We waren daar met 126 sporters, waarvan tien uit Fryslân. Dat ze alle 126 een band met elkaar hadden en elkaar steunden, dat vond ik toch echt heel bijzonder.''