Minimawinkel Ljouwert slút de doarren

De winkel fan Stichting Arm voor Rijk op de Voorstreek yn Ljouwert slút de doarren. De minymarkt kin net út. De winkel dêr't kado-artikelen en itensguod te keap is, is bedoeld foar minsken mei in hiel smelle beurs, mar ek oaren kinne der spul keapje. Dochs rint it net.
Simon de Jong fan de stichting tinkt dat it leit oan it plak dêr't de winkel stiet. Neffens him is de binnenstêd net geskikt om't minsken doelbewust winkelje. En earmere minsken komme minder gau nei de stêd omdat se net folle te besteegjen hawwe.
Heechterp
Der sil besocht wurde in winkel te iepenjen yn de buert fan de wyk Heechterp omdat de doelgroep dêr wennet. De stichting is noch mei de gemeente Ljouwert yn petear om te sjen nei in gaadlike lokaasje.