Drachtster sigeuner Albert Mirosch ferstoarn

23 sep 2016 - 15:48

Yn Ljouwert is tongersdeitenacht Albert Mirosch ferstoarn, de inisjatyfnimmer fan it sigeunermonumint yn it Van Haersmapark yn Drachten. Albert Mirosch wenne yn de oarloch yn Drachten en moast ûnderdûke doe't de Dútsers razzia's hâlden om Roma en Sinti op te pakken. Syn âlden en fjouwer susters kamen om yn de ferneatigingskampen fan de nazi's.

Mirosch hat nei de oarloch it sigeunerlibben altiten folhâlden en wenne oant syn dea op in sigeunerkampke yn Drachten. Mei troch him kaam der yn 2007 in monumint ta neitins oan de Roma en Sinti dy't ombrocht binne yn de oarloch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)