Brânbrief fakbûnen: mear ynspraak foar meiwurkers Caparis

23 sep 2016 - 15:13
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

Meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis moatte meiprate kinne oer it bedriuw. Ek moatte se better bypraat wurde oer wat der allegearre bart. Dat easkje de fakbûnen FNV en CNV yn in brânbrief oan de riedsleden fan de gemeenten dy't oandielen ha yn Caparis.

It rommelet al in hiel skoft bij Caparis. Foaral ek omdat de gemeenten it der net oer iens binne oft se wol op 'e âlde foet fierder wolle mei it bedriuw. Neffens de fakbûnen soarget dat foar in soad ûnrêst by it personiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)