"Tiidrit oer nije Ofslútdyk soe in dream wêze"

23 sep 2016 - 14:59

As de Deenske haadstêd Kopenhagen de start fan de Tour de France binnen hellet yn 2019, 2020 of 2021, dan biedt dat mooglikheden foar Fryslân. Dat seit deputearre Sander de Rouwe. Yn dat gefal soe Fryslân in etappe organisearje kinne, foardat de koers him ferpleatst nei Frankryk. In yndividuele tiidrit op de nije Ofslútdyk neamt De Rouwe "in dream".

Tour, Giro of Vuelta

De provinsje hâldt op dit stuit in helberheidsûndersyk nei de komst fan in etappe yn de Ronde fan Frankryk, de Giro d'Italia of De Vuelta nei Fryslân. It leafst hat de provinsje it begjin fan in grutte ronde yn Fryslân, mar fanwegen de kosten soe dat ek in 'tuskenetappe' wêze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)