"Eigen risiko yn de soarch is belachlik heech"

"It eigen risiko yn de soarch is belachlik heech. Foar gewoane minsken is it net te beteljen. Boppedat is de kâns grut dat guon minsken dy't wat ûnder de lea ha, dat earst wat gewurde litte om jild út te sparjen". Mieningen dy't we op de Ljouwerter freedsmerk optekenen nei oanlieding fan de politike diskusje yn Den Haach fan 'e wike.
385 euro, dat is op 't heden dat eigen risiko en dat soe folle leger moatte of sels hielendal ôfskaft, fine guon politike partijen. Op de merk is dêr wolle stipe foar.
Fierder sjocht men graach it âlde sikefûns werom, of in oar systeem dat earliker is. "No liket it krekt as krije groanysk siken in boete."