Stellinghaven en Lijtehiem foldogge oan easken

Kening Willem-Alexander yn ferpleechhûs Stellinghaven yn Easterwâlde © Omrop Fryslân, Janjelle Ringnalda
De ferpleechhuzen Stellinghaven yn Easterwâlde en Lijtehiem yn Oerterp foldogge oan de easken fan de ynspeksje foar de sûnenstsjinst. Dat hat de ynspeksje-eigener ZuidOostZorg fan beide ferpleechhuzen witte litten.
Stellinghaven en Lijtehiem waarden yn july neamd op in list fan de ynspeksje en dêrtroch like it foar de bûtenwacht as stiene se ûnder tafersjoch. Dat wie net sa, seit de ynspeksje no. De ynspeksje hat der koartlyn west te praten en hat doe fêsteld dat alles hast of hielendal yn oarder is.