Swierdere straf foar makker apelûden by Harkemase Boys

23 sep 2016 - 13:18

De man út De Harkema dy't apelûden makke yn de wedstriid tusken Harkemase Boys en VVOG út Hurderwyk hat dêr freedtemiddei in boete fan 600 euro krigen. De 22-jierrige Harrekyt siet yn it publyk by wedstriid de op 5 maart lêstlyn en makke rasistyske lûden yn de rjochting fan in donkere spiler fan VVOG.

De straf is heger as gewoanlik by dit soart saken. De rjochter nimt it de fertochte kwea ôf dat de apelûden nei in donkere spiler makke waarden. Ek it feit dat it ynsidint fuotbalrelatearre is, soarget derfoar dat de straf heger is as oars.

Fertochte

De fertochte wie sels net by de sitting yn Ljouwert oanwêzich. Neffens syn advokaat fynt de fertochte dat er al foldwaande straft is fanwegen de massale media-oandacht. It ynsidint waard breed útmetten yn it regionale en lanlike nijs.

Stadionferbod

Earder waard de Harrekyt al in straf oplein troch Harkemase Boys. Hy krige in stadionferbod fan twa jier. Fan de fuotbalbûn KNVB mocht er fiif moannen lang net spylje foar syn klup.

Ynsidint

It ynsidint barde yn de 86e minút fan de thúswedstriid fan Harkemase Boys tsjin VVOG. VVOG-spiler Pernely Biya soe in hoekskop nimme mar doe't er de bal opkrige, klonk der fanút it publyk apelûden. De fuotballer reagearre poerlilk. De assistint-trainer fan VVOG krige dêrnei in reade kaart doe't er rôp dat de skiedsrjochter de wedstriid stake moast. Efkes letter barde dat dochs noch. De trainer helle de spilers fan VVOG doe fan it fjild.

Tsien minuten letter waard de wedstriid dochs noch útspile, mar de spilers fan VVOG spilen út protest de bal rûn. Biya die nei ôfrin fan de wedstriid oanjefte fan rasisme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)