A31 hat noardlike primeur mei nij type asfalt

Asfaltearringswurksumheden op de A31 by Garyp © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Op de A31 tusken Dronryp en Frjentsjer wurdt fan moandei ôf oer in lingte fan goed sân kilometer nij asfalt oanbrocht. It giet om Laag Energie Asfalt Beton, LEAB. De produksje dêrfan kostet minder enerzjy omdat it by in legere temperatuer makke wurdt. De útsjit fan CO2 wurdt dêrtroch mei 40 persint werombrocht.
It duorsume asfalt is ek stiller. Boppedat wurdt foar de produksje 50 prosint recycled asfalt brûkt. De A31 is yn Noard-Nederlân it earste grutte stik dyk dêr't LEAB oanbrocht wurdt.
It ferkear wurdt by de wurksumheden oer ien helte fan de dyk oer twa rydbanen laat. Fanút Ljouwert rjochting Harns is de ôfrit Frjentsjer ôfsletten oant 10 oktober. It ferkear wurdt omlaat fia de folgjende ôfrit. De wurksumheden duorje oant en mei freed 18 oktober.