Tsientallen liters diseloalje fersmoargje wetter Frjentsjer

© Twitter, Wetterskip Fryslân
Yn it sintrum fan Frjentsjer binne tsientallen liters diseloalje yn it wetter telâne kaam. De oalje is oer in lingte fan in pear kilometer ferspraat. By de Stasjonsbrêge is in skerm yn it wetter pleatst. Mei absorpsjemateriaal wurdt de oalje dêr opfong en út it wetter helle.
Wetterskip Fryslân tinkt dat it noch de hiele dei duorret om de oalje op te romjen. De oalje soarget ek foar stankoerlêst yn it sintrum fan Frjentsjer. De diseloalje waard tongersdeitejûn ûntdutsen.
Nei alle gedachten hat in frachtskip of in motorkruser in oaljelekkaazje hân op it Van Harinxmakanaal.