Wynpark Fryslân kompensearret omwenners mei 10 miljoen euro

23 sep 2016 - 11:56

Wynpark Fryslân stekt yn totaal 10 miljoen euro yn in kompensaasjefûns foar de gefolgen fan de komst fan wynmûnen yn de Iselmar. Dat is de eksploitant fan it wynpark oerien kaam mei de gemeente Súdwest-Fryslân. It is de bedoeling dat omwenners fan it nije park, tegearre mei natoerorganisaasjes en ûndernimmers, sels beslute sille oer hoe't it jild útjûn wurde sil. De 10 miljoen euro wurdt útsmard oer 20 jier, wêrmei't der dus foar elts jier in heal miljoen euro beskikber is.

Lanlike ôfspraken

Mei de oprjochting fan it fûns hâldt Wynpark Fryslân him oan lanlike ôfspraken oer kompensaasje foar de omjouwing by de oprjochting fan nije wynparken. It fûns foar it park op de Iselmar is lykwols folle rommer as op oare plakken. Boppedat is it net ôfhinklik makke fan de opbringst fan de wynmûnen.

Meastal wurdt der in fariabel fûns oprjochten dêr't minder jild yn sit as der ek minder enerzjy opwekke wurdt. Neffens projektdirekteur Anne de Groot fan Wynpark Fryslân hawwe se dêr bewust net foar keazen. "Wy woene de omjouwing sekerheid jaan en dat dogge je net mei in fariabel fûns." 

"Wy hiene dit park leaver net hân"

De gemeente is wiis mei de ôfspraken dy't no makke binne. "Wy hiene dit park leaver net hân," sa seit wethâlder Gea Akkerman, "mar no't it der dochs komt, is it wichtich dat de omjouwing der ek maksimaal fan profitearje kin." De ôfspraken jilde earst foar 20 jier, mar mocht it park der noch langer stean dan sil ek it fûns ferlinge wurde. It duorret lykwols noch efkes foardat it jild beskikber komt. De ferwachting is dat it park yn 2020 pas iepen giet. 

Fergunningen noch net definityf

Dat it noch sa lang duorret komt ûnder oaren trochdat de fergunningen noch net definityf binne. Tsjinstanners fan it park binne fan doel nei de Ried fan Steat te stappen om de komst fan it park tsjin te hâlden. Dêrmei duorret it hoe dan ek noch mear as in healjier foardat it park definityf yn de Iselmar komt. Dêrnei moat der noch in beslút naam wurde oer hokker turbines der komme en wa't it park bouwe sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)