Provinsje Fryslân ynvestearret 438 miljoen euro yn 2017

23 sep 2016 - 11:14

De provinsje wol takom jier 438 miljoen euro ynvestearje en dêrfan giet 212 miljoen nei ynfrastruktuer. Dat stiet yn de begrutting foar 2017, dy't freedtemoarn by in parsekonferinsje op it provinsjehûs yn Ljouwert presintearre waard troch deputearre Sander de Rouwe. 

Nuon-jilden

De ferwachting is dat der oan de ein fan de kolleezjeperioade fan Deputearre Steaten yn 2019 noch 200 miljoen euro oan Nuon-jild oer is. Der wie 1,2 miljard oan Nuon-jild, troch de ferkeap fan de oandielen fan dat bedriuw. Dat betsjut dat der in miljard ynvestearre is yn meardere projekten, mar ek oan it flugger ôfskriuwen fan saken. 

It foarige kolleezje mei PvdA, CDA en FNP en it hjoeddeiske kolleezje fan CDA, FNP, VVD en SP hawwe rûchwei goed 500 miljoen euro útjûn (of sille dat noch útjaan) oan ynvestearringen.

De oare 500 miljoen is brûkt foar it flugger ôfskriuwen fan ynvestearringen, sadat de provinsje dêr yn de takomst minder lêsten oan hat. Bliuwt oer 200 miljoen euro dy't brûkt wurdt as risikobuffer of strestest. 

Ynfrastruktuer

It grutste part fan de begrutting wurdt ynvestearre yn ynfrastruktuer; 212 miljoen euro. Konkreet giet it om de rotonde by De Jouwer, de N31 by Harns en ek jild dat de provinsje klear lizzen hat foar it ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân yn de Ofslútdyk.

Oare posten dêr't jild hinne moat binne miljeu, wettertechnology, sirkulêre ekonomy en kultuer. It totaal fan 438 miljoen euro dat yn 2017 ynvestearre wurde sil, is mear as oare jierren.

Den Haag, Europa

Tsjinoer de ynvestearringen stean de ynkomsten dy't de provinsje garje wol. Foar in grut part binne dit ynkomsten fia it provinsjefûns, de opbringsten oan opsinten en it rendemint op it fermogen. It fermogen is de 200 miljoen oan Nuon-jild en 78 miljoen oan gewoane reserves. Mar leune op it Nuon-jild wol De Rouwe net. Hy mikt op it binnen heljen fan lanlike en Europeeske subsydzjes, folle mear as it kolleezje hjirfoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)