Advokaat terrorismefertochte: "Dizze saak wurdt opblaasd"

De saak tsjin in 40-jierrige Ljouwerter fanwege 'bedriging mei terrorisme' koe freedtemoarn net behannele wurde troch de Ljouwerter plysjerjochter, omdat it rapport fan de psychologe oer de man noch net klear is.
De man, dy't berne is yn Kabul, moast fierder ek foarkomme fanwege mislediging, bedriging, drugsbesit en wapenbesit. De man waard in pear moanne lyn oanhâlden troch in spesjaal arrestaasjeteam fan de plysje.
Mearfâldige keamer
Advokaat Bart Canoy frege de plysjerjochter om de saak troch te ferwizen nei de mearfâldige keamer, fanwege de ûngebrûklike telestelizzing 'bedriging mei it eachmerk om terroristyske misdriuwen ta te rieden'. Sa'n saak heart yn syn eagen by de mearfâldige rjochtbank thús.
De plysjerjochter stimde yn mei it fersyk en ferwiisde de saak troch nei de rjochtbank. Se die dêrby wol it fersyk oan it Iepenbier Ministearje om de saak sa gau mooglik foar de rjochtbank te bringen. Fanwege it ûntbrekken fan it rapport fan de psychologe waard de saak net ynhâldlik behannele.
"Saak wurdt opblaasd"
Advokaat Canoy fynt dat it iepenbier ministearje de saak tsjin syn kliïnt "ûnnedich opblaast" troch him foarkomme te litten foar 'bedriging mei terrorisme. “Je kunt wel nagaan dat lang niet iedereen die roept dat hij een aanslag wil gaan plegen, dit ook doet. Dat is nu eenmaal deze tijd.”
Neffens him is syn kliïnt, dy't op dit stuit op frije fuotten is, absolút gjin potinsjeel terrorist of jihadist.