Kollum: "Hynder"

23 sep 2016 - 08:30

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"It wie in goeie wike foar Fryslân. In hiele goeie wike. Sa hearden we dat fiiftûzen minsken fan oer de hiele wrâld it Frysk leare wolle…

Rijksuniversiteit Groningen: "Dat se in bytsje Frysk praten en skriuwen leare, mar fansels giet is om hele basale dingen."

Dêr kinne se bij de Afûk allinnich mar fan dreame. Of der ek wier mear minsken Frysk praten leare is trouwens noch mar de fraach…

Rijksuniversiteit Groningen: "De ervaring leart mei online cursussen, dat in hiel grut part fan de oanmeldingen it net hielendal dien makket."

Mar dat hinderet neat! Want der is noch mear!

It wie Prinsjesdag en by de tradisjonele rydtoer, dit kear mei de glêzen koets, waard dy koets lutsen troch Fryske hynders! Om it jier binne it Fryske hynders, mar it bliuwt bysûnder…

Eigeneres: "Nou ja het is toch een soort van kick dat je krijgt, dat jouw paard daar tussen loopt."

As ik dat dan sjoch, wurd ik toch yn bytsje grutsk op myn heitelân. En dat wie noch net alles…

Stephen Colbert: "Ladies and gentlemen, brace yourselves. Because now is the moment we’ve all been waiting for…"

Dit is Stephen Colbert, yn de Amerikaanse Late Show. Hy hie dizze wike Frederik The Great yn 'e studio…

Stephen Colbert: "Please welcome the worlds most handsome horse: Frederik The Great!"

Frederik The Great is in Frysk hynder, en it is earder dit jier ferkeazen ta it moaiste hynder fan 'e wrâld. Dat wisten wy al yn maaie.

Ferslachjouwer: "Fredrik wennet al jierren yn Amerika, mar kaam yn 2001 gewoan yn Fryslân op 'e wrâld. Yn 'e stâl fan Jentsje Plantinga, út Damwâld."

Frederik The Great is berne yn 'e Wâlden, dus it is net allinnich in stamboek Frysk Hynder, mar it is ek in echt Frysk hynder. We kinne him dus gewoan Grutte Freark neame. Hy hat in eigen YouTube-kanaal, dêr’t al mear as 14-miljoen kear nei sjoen is. Yn de Late Show waard er moai delsetten…

Stephen Colbert: "He is a very, very beautiful horse. A very large one of that. What is a Frisian Horse?"

Eigeneres: "A Frisian comes from the Netherlands. They were almost extinct, and the Netherlands brought them back. You want to try and give him a hug Steeph?"

Stephen Colbert: "How would I do that then? Hold on, don’t clap please for this part.."

It is in hynder dat ik sa goed kin; ik ha de Friezen sa faak sjoen. Mar hy is sa skitterjend moai, mei syn lange moannen, dat ik it der echt waarm fan krij. Grutte Freark hat fan dy hele moaie swarte eagen dêr’t je yn fersûpe kinne. It bist is sa ûngewoan moai, hast ûnFrysk… As ik net homo wie soe’k sizze dat Grutte Freark de Doutzen Kroes fan de hynders is.

Eigeneres: "He kisses too!"

Stephen Colbert: "You know what? Maybe on the second date."

De Late Show, dat is net niks. De Friezen stiene d’r goed op dizze wike. Sa goed, dat ik tink: kinne we dit wol wier meitsje. As al dy minsken dy’t Freark sjoen ha, en al dy minsken dy’t ús taal leare nei ús provinsje komme, en dêr al die yntroverte Friezen treffe. Dy’t wol grutsk binne, mar dat net sa sjen litte. Dy’t beskieden binne en gewoan al gek genôch fine. It koe miskien wolris wat tsjin falle, nei al die wielderige meters hynstehier fan Grutte Freark.

Eigeneres: "Fredrik is a gentle giant. He’s been nose to nose with new born babies."

Frederik The Great is in gentle giant, in 'vriendelijke reus', seit de eigeneres. Dat image kinne we wat mei: freonlike reuzen. Litte we it dêr op goaie. Wy Friezen binne ek faak wat grutter as de minsken út de rest fan 'e wrâld: in soad molke sûpe dan komme je der wol. Miskien is dit in tip foar de VVV fan Fryslân: The Gentle Giants.

Soe Doutzen in bytsje hynsteride kinne?"

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)