Arbeidstraining foar flechtlingen: "Presintearje dysels"

23 sep 2016 - 08:15

Yn Snits giet freed in trainingsprogramma foar flechtlingen fan start. It projekt VIP (vluchtelingen investeren in participeren), helpt flechtlingen harren ta te rieden op de arbeidsmerk.

Vluchtelingenwerk Nederland fernimt dat flechtlingen mear nedich hawwe as in ynboargeringskursus om oan it wurk te kommen. Sa behearskje se de taal faak ûnfoldwaande en witte se te min fan de arbeidsmerk ôf. It VIP-projekt biedt in trainingsprogramma, jobcoaching, wurkbesites en staazjekafees om de flechtlingen better ta te rieden op de arbeidsmerk.

"Presintearje dysels"

"It giet benammen om praktyske trainingen", leit Karin Veld fan Vluchtelingenwerk út. "We jouwe gjin teory, mar sizze 'gean de boer op, presintearje dysels'. Dat wurket folle better." Veld wit dat guon flechtlingen frustrearre reitsje as it net slagget om in baan te finen. "Dêr helpe wy se ek mei. Om dêr mei om te gean."

It VIP-projekt is in lanlik inisjatyf. Vluchtelingenwerk hat as doel om yn Noard-Nederlân yn trije jier tiid 300 flechtlingen te helpen yn harren syktocht nei in baan.

Realistyske doelen

Jobcoach Gilmar Kimin út Snits helpt flechtlingen by it sykjen nei in passende baan. Yn de kursus fan Kimin komme in oantal basisprinsipes oan de oarder, sadat flechtlingen sa gau mooglik partisipearje kinne yn de maatskippij. Hy wol syn learlingen meijaan dat it wichtich is realistyske doelen te stellen. "De doelen moeten haalbaar zijn, zodat je later niet tegen teleurstellingen aanloopt. De doelen moeten realiseerbaar zijn", seit Kimin. 

De Irakese flechtlinge Mays folget de kursus yn Snits. Sy wol ûnder oaren graach leare hoe't se in cv meitsje kin, sadat se in bettere kâns op in baan krijt yn Nederlân. Mays wol yn de takomst graach stewardess wurde. "Ik hoop over twee jaar stewardess te zijn", seit Mays. Kimin sil har helpe dit doel te berikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)