Man dy't foar ûnrêst soarge ferlit frijwillich Ryptsjerk

© Omrop Fryslân
De 51-jierrige man dy't de ôfrûne dagen foar ûnrêst soarge yn Ryptsjerk, hat it doarp frijwillich ferlitten. Boargemaster Wilma Mansveld fan Tytsjerksteradiel lit dat yn in brief witte oan de âlders fan de bern yn it doarp. Ferskate âlders hiene de lêste dagen oanjefte dien tsjin de man, omdat er harren bern lestich foel.
De âlders hiene ek by de gemeente klage oer oerlêst en in tanimmind gefoel fan ûnfeilichheid. Neffens boargemaster Wilma Mansveld wurket de man op frijwillige basis mei oan in oplossing.
"Ferfolging hat gjin doel"
Mansveld hat tongersdeitemiddei en -jûn oerenlang fergadere oer de situaasje. In definitive oplossing is der noch net, mar der wurdt oan wurke, sa fersekeret de boargemaster. Se seit dat de man begelieding en help nedich hat. Ferfolging troch it Iepenbier Ministearje hat yn dit gefal net folle doel, sa is de boargemaster fan betinken.
Wet
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert pleitet nei oanlieding fan dizze saak foar in wet dy't regelet dat betize minsken help krije. Crone set him derfoar yn dat sokke minsken ferplichte medisinen nimme moatte of dat se profesjonele help krije, ek al wolle se dat sels net.