Moaie lotting SC Cambuur en SC Hearrenfean

Yn de twadde omloop fan de KNVB beker moat SC Cambuur it opnimme yn in útwedsriid tsjin TEC. TEC, Tielse Eendracht Combinatie, spilet yn de twadde difyzje. TEC wûn tongersdeitejûn mei 5-1 by HSC '21 yn Haaksbergen.
SC Hearrenfean moat it ek yn in útwedstriid opnimme mei FC Eindhoven út de Jupiler League. Eindhoven wûn tiisdeitejûn mei 3-2 by FC Den Bosch.
SC Cambuur kaam dizze wike mei de hakken oer de sleat tsjin FC Rijnsvogels. Hearrenfean wûn nei ferlinging fan De Graafschap.
De spyldata binne 25, 26 en 27 oktober