Spilers iepenlofspul stean stil by fiskersramp Moddergat

22 sep 2016 - 22:49

In bysûndere betinking tongersdeitejûn yn Moddergat. Inkele tsientallen minsken kamen dêr nei it monumint op de seedyk om stil te stean by de fiskersramp fan 1883. Gewoanwei is de betinking yn maart, op de dagen dat de ramp safolle jier lyn plakfûn. Mar no wie der in spesjale ekstra betinking, organisearre troch spilers en frijwilligers fan it iepenloftspul Mitselwier. De ôfrûne wiken hawwe sy it stik Foarby it Boarkumer Fjoer oer de fiskersramp spile. Dat is in tige súksesfolle produksje mei mear as hûndert spilers en frijwilligers.

It stik is skreaun nei in boek fan Durk van der Ploeg mei deselde titel. It stik wie sa populêr dat der ekstra foarstellings komme moasten. Alle reden ta bliidskip, mar dochs bleau by de spilers it gefoel hingjen dat der ek stilstien wurde moast by de tryste oanlieding fan it ferhaal. Dêrom wie der tongersdei in spesjale betinking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)