Ferkeap skilderijen as sinjaal nei de polityk

22 sep 2016 - 22:32

It moat jild opsmite, mar it moat benammen in sinjaal wêze nei de polityk ta: it projekt Vrij Naar Mankes fan museum Belvédère yn Oranjewâld. Mear as 130 keunstners hawwe eigen wurk makke nei it skilderij 'Slootje met overhangende dopheide' fan skilder Jan Mankes.

De skilderijen fan alle keunstners binne fan freed ôf te sjen yn Belvédère. Se kinne ek kocht wurde. De ferkeap giet fan mids oktober ôf by opbod fia de feilingwebside Catawiki.

Twa wiken lyn hat provinsjale steaten 50.000 euro tasein oan it museum, om harren finansjeel lucht te jaan. Museum Belvédère seit sels twa ton nedich te hawwen. It projekt moat in part fan it jild opsmite, mar dus ek in sinjaal oan de polityk wêze dat der wurke wurdt om ek sels mei finansjele oplossings te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)