Helikopterhaven Skiermûntseach wurdt opknapt

22 sep 2016 - 22:09
  • De helyhaven fan Skier

De helyhaven op Skiermûntseach wurdt fan moandei ôf renovearre, no't de nije ANWB- helikopter op it eilân komt foar it pasjinteferfier. Helikopters dy't nije wike nei it Waadeilân fleane, moatte tydlik lânje op de dyk neist de helyhaven. De hely hat tiisdei al twa súksesfolle proeflânings útfierd.

De regionale ambulânsefoarsjenning RAV tekene yn augustus in offisjeel gearwurkingskontrakt mei de ANWB. Dy leveret tenei de helikopter en de piloaten dy't de RAV nedich hat om it pasjinteferfier fan de Waadeilannen nei de fêste wâl te dwaan.

De RAV kin dêr nei alle gedachten yn novimber mei begjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)