Crone wol wet om betize minsken te helpen

Foarsitter Ferd Crone fan de Feilichheidsregio Fryslân fynt dat de Twadde Keamer avesearje moat mei it oannimmen fan in wet om betize minsken ferplichte te helpen. Dat hat er polityk Den Haag tongersdei witte litten.
Guon minsken hearre net thús yn in GGZ-klinyk of yn 'e finzenis, fynt Crone, mar kinne ek net selsstannich thús funksjonearje. Hy doelt dêrmei ek op de 51-jierrige man út Ryptsjerk dy't famkes yn ´e Trynwâlden lestichfalt mei seksuele gebearten en hannelingen.
Crone set him derfoar yn dat sokke minsken ferplichte medisinen nimme moatte of dat se profesjonele help krije.