Halbe Zijlstra (VVD) wint Debatpriis 2016

22 sep 2016 - 20:27

VVD-fraksjelieder Halbe Zijlstra is tongersdei útroppen ta bêste diskusjefierder fan de Algemiene Politike Skôgings. Neffens de sjuery fan it Nederlânsk Debat Institút ferfolle Zijlstra syn rol 'excellent'.

De Fryske VVD'er krige de measte ûnderbrekkings oer it kabinetsbelied. De sjuery fynt dat er dy allegear selsfersekere, ynhâldlik goed, flot en linich beantwurde hat. Ferline jier wûn PVV'er Geert Wilders de debatpriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)