De Friese Wijlanden giet striid oan om natuergebietpriis

22 sep 2016 - 20:26

'De Friese Wijlanden'. Under dy namme dogge nasjonaal park De Alde Feanen en de nasjonale lânskippen Noardlike Fryske Wâlden en Mar en Klif mei oan de wedstriid foar 'it moaiste natuergebiet fan Nederlân'. De trije organisaasjes presintearren tongersdeitemiddei yn Earnewâld in mienskiplike brosjuere.

Mei de wedstriid fan steatssiktaris Martijn van Dam kin it natuergebiet in pear ton winne om it gebiet fierder te ûntwikkeljen.

Publyk kin ek stimme

De kompetysje is stevich mei tweintich kandidaten. Dêrûnder sitte ferneamde gebieten lykas de Hege Feluwe, it Waadgebiet en de Weerribben. Begjin oktober giet in ûnôfhinklike sjuery by de dielnimmers del om in seleksje te meitsjen fan de moaiste gebieten. Oanslutend kin it publyk stimme en dêrnjonken sil ek de sjuery in moaiste gebiet oanwize.

Gearwurking

De wedstriid hat De Alde Feanen en de twa nasjonale lânskippen derta set om de gearwurking fierder út te bouwen. Mei-inoar bestrike de trije gebieten in grut part fan Fryslân, fan Dokkum oer it lege midden fan Fryslân nei de Súdwesthoeke. Krekt de fariaasje fan lânskippen, mei natuer, marren en boerelân makket fan De Friese Wijlanden in nijsgjirrige kandidaat, tinkt foarsitter Sipke Swierstra fan De Alde Feanen.

Kulturele Haadstêd

Foar nasjonaal lânskip de Noardlike Fryske Wâlden is de gearwurking mei De Alde Feanen fan grut belang. De Noardlike Fryske Wâlden wol graach mear ferbliuwsrekreaasje yn it gebiet hawwe. Ek wolle se besykje om mear kulturele eveneminten nei de streek te heljen yn gearwurking mei de Kulturele Haadstêd yn 2018. De kandidatuer fan 'De Friese Wijlanden' wurdt stipe troch de ambassadeurs waarman Gerrit Hiemstra en Twadde Keamerlid Lutz Jacobi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)