Advokaat Van der Goot bliid mei ôfskaffen alkoholslot

22 sep 2016 - 20:03

"Ik bin der tige wiis mei. It alkoholslot doogde net". Advokaat Tjalling van der Goot is tige wiis mei it ferdwinen fan it alkoholslot. Autobestjoerders kinne noch foar de ein fan dit jier it alkoholslot út de auto helje litte. Dat makke minister Schulz tongersdei bekend. De leveransier dy't de alkoholslotten ynbout en útlêst hâldt dermei op.

By in alkoholslot start de auto pas nei in blaastest. Tjalling van der Goot hat in soad kliïnten hân dy't tsjin it alkoholslot wiene. De saken giene oant de Hege Ried ta.

It alkoholslot wurdt ôfskaft omdat de leveransier dermei ophâldt, want it kin net mear út. Der wurde hieltyd minder alkoholslotten levere. Der binne mei-inoar 12.000 alkoholslotten oplein. Sûnt ferline jier mei it alkoholslot net mear oplein wurde fan de Rie fan Steat. No ride noch njoggenhûndert bestjoerders mei in alkoholslot. 

Dûbeld straft

De Hege Ried is fan miening dat minsken mei in alkoholslot dûbeld straft wurde foar itselde misdriuw. Se krije ek al in hege boete.

CBR op de fingers tikke

De Rie fan Steat hat it Centraal Bureau Rijvaardigheid (CBR) dy't it alkoholslotprogramma beheart, op de fingers.  Der is net genôch rekkening hâlden mei faak grutte gefolgen dy't de straf hawwe kin. Alkoholslotten koene net ynboud wurde yn frachtauto's. Sjauffeurs ferlearen dêrtroch harren baan. Foar dy groep wiene yn 2014 al in ferromming ynfierd.

Keuring

De minsken dy't no noch in alkoholslot hawwe, kinne dat útbouwe litte.  De 4000 oaren dy't wol ûnder de regeling foelen, mar troch de rjochterlike úspraak noch gjin alkoholslot hiene, moatte earst in keuring ûndergean om te sjen oft se lichaamlik en medysk noch wol by steat binne in auto te bestjoeren. De minister wol de kosten fan dy keuring hielendal ferhelje op de bestjoerders. Earder fergoede de steat in part fan dy kosten, De kosten kinne  nowolris heech útfalle, warskôget Van der Goot. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)