N'Toko en Steenvoorden wer yn basis by Cambuur

22 sep 2016 - 17:33

Chrio N'Toko en Matthew Steenvoorden binne wer fit. Beide sintrale ferdigeners binne wer fit en stean freed ek yn de basis yn de thúswedstriid tsjin Achilles '29 út Groesbeek. Raymond Gyasi kin net spylje. De oanfaller rûn yn de bekerwedstriid tsjin Rijnvogels tiisdei in ljiskblessurere op. Ek spits Michiel Hemmen is blesseard. Hy hat lêst fan de knibbel.

Trainer Rob Maas woe fierder gjin opstelling bekend meitsje. Nettsjinsteande it feit dat Martijn Barto mei klam op de doar kloppet, liket Jergé Hoefdraad as spits te begjinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)