Diks lilk oer plan ôfskaffen foardiel monumintebesitters

22 sep 2016 - 17:16

Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert is poerrazend oer it kabinetsplan om it fiskale foardiel foar eigeners fan monumintale pannen ôf te skaffen. Dat fiskale foardiel wie foar it ûnderhâld oan monuminten. De wethâlder mei monumintesoarch yn 'e portefúlje is benaud dat eigeners it ûnderhâld útstelle sille.

Ek ferwachtet se dat monumintale pannen dreger te ferkeapjen wêze sille. Diks wennet sels ek yn in monumint. Ljouwert is de trettjinde monumintegemeente fan ús lân. Mei oare gemeenten giet der in protestbrief nei it kabinet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)