Frou op strjitte mishannele troch man, plysje siket tsjûgen

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling fan in 36-jierrige frou op de Prof. mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert. De frou fytste dêr tongersdeitemoarn om 5:45 oere oer de stoepe, doe't se in man mei in hardershûn tsjinkaam. De man hâlde har tsjin. Hy hie har alris sein dat se net oer de stoepe fytse mocht. Diskear treau hy har tsjin in parkearre auto oan en sloech har ferskate kearen op har boppelichem.
It giet om in keale, blanke man fan in jier as 50 mei in foars postuer. Hy droech in brune bodywaarmer mei bûsen oan de foarkant.