Ynbrekker soarchsintrum oppakt nei DNA-kontrôle bloedspoaren

DNA Molekule © Omrop Fryslân
De plysje hat in man út Ljouwert oppakt omdat er in pear moanne ferlyn ynbrutsen hie yn in soarchsintrum yn de stêd. Hy wie útnaaid mei in klûske.
Nei de ynbraak waarden bloedspoaren fan de man fûn. Dy binne kontrolearre en doe die bliken dat syn DNA oerienkomt mei wat al fan him yn de databank siet. Sa koe de man oanhâlden wurde.