Skea yn bêdewinkel troch protters: "Her en der wat poepjes"

22 sep 2016 - 15:01

By de bêdewinkel Beddenreus oan De Centrale yn Ljouwert binne se wer wat bekommen fan de skrik dy't in kloft protters dêr woansdei feroarsake. Meiwurkers wiene mei in pear klanten dwaande, doe't de kloft foar de doar del fleach. In part klapte tsjin de ruten op en in oar part fleach sa de winkel yn. "Ik denk tussen de 20 en 25 spreeuwen", seit Martine Visser dy't by de winkel wurket. 

In soad skea ha se lykwols net oanrjochte. "We hebben hier en daar wat poepjes gevonden op dekbedden en er is een lamp kapot, maar verder valt de schade mee."

De bêden waarden gau ôfdekt mei plestik. De measte protters binne no wer út de winkel. "Gisteravond hebben we nog lang in de winkel gezeten met de lampen uit en de deuren open en veel zijn via het magazijn aan de achterkant weggevlogen. Misschien zit er nog een enkeling, maar die zit dan goed verstopt", sa seit Martine.

Net foar alle fûgels is it aventoer goed ôfrûn, sa fertelt Martine. "Vanmorgen hebben we nog twee voor de ramen gevonden, die het niet overleefd hebben." Neffens meiwurkers fan de biste-ambulânse binne de bisten skrokken fan in auto op it parkearterrein oan de foarkant fan de winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)