Tûzenen boeren binne ynteressearre yn molkeregelings

Melke © ANP
Tûzenen boeren hawwe wol earen nei in subsydzje fan de Europese Unie yn ruil foar in legere molkeproduksje. It Europeeske jild komt boppe op in regeling dy't FrieslandCampina syn boeren al oanbiedt. En júst dy kombinaasje makket it mooglik oantreklik foar in soad boeren, tinkt in wurdfierder fan it suvelbedriuw.
De maatregels binne nedich om de molkeproduksje omleech te bringen en de molkepriis te ferbetterjen. Ek de fosfaatproduksje moat hjirmei nei ûnderen helle wurde.
FrieslandCampina is ree om boeren 10 eurosint de (net produsearre) liter te jaan, de Europese Unie hat 14 sint de liter tasein. Hoefolle boeren echt gebrûk meitsje sille fan de subsydzjes, is pas yn de rin fan 2017 te sizzen. Dan wurde de nije produksjesifers bekend makke.