FIDEO: Flechtling Mohamed is in jier yn Fryslân

Jo witte it grif noch wol, de bylden fan bussen fol mei flechtlingen dy't oankomme by de krisisopfangen yn Harns en op It Hearrenfean. Dat is no eksakt in jier lyn. Yn ien fan dy bussen siet ek Mohamed Haj Ali.
Simone Scheffer folge Mohamed en syn gesin op harren paad yn Fryslân. It ôfrûne wykein gongen se werom nei Harns en troffen dêr boargemaster Sluiter.