Mansveld yn petear oer seksuele yntimidaasje yn Trynwâlden

22 sep 2016 - 13:10

Yn Tytsjerksteradiel wurdt tongersdeitemiddei in petear hâlden nei oanlieding fan de ûnrêst dy't ûntstien is yn Gytsjerk, Oentsjerk en Ryptsjerk. Yn de doarpen falt in 51-jierrige man út Ryptsjerk famkes lestich mei seksuele gebearten en hannelingen.

Boargemaster Wilma Mansveld fan Tytsjerksteradiel sil prate mei in saneamd senarioteam. Yn dit team kinne bygelyks minsken fan de plysje, reklassearring, soarchynstellingen en it Iepenbier Ministearje sitte. Se hopet de ûnrêst by de âlden fuort te nimmen en alle partijen helpe te kinnen.

"Wat ik wil bereiken is dat mensen zich veilig voelen en kinderen vrolijk naar school kunnen", sa seit Mansveld. "Maar ook, dat de meneer die het betreft ook beschermd wordt en dat het daar uiteindelijk weer goed mee gaat."

De man is alris feroardiele foar it stalken fan froulju. Doe waard dúdlik dat hy swak begaafd is en lijt oan in swiere foarm fan autisme. De plysje en de gemeente moatte wat oan de situaasje dwaan, foardat it út de hân rint, fine âlden. Der is al meardere kearen oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)