Stellen skilderijen ûndersocht: ien is echt, de oar is nep

Ien fan de twa stellen skilderijen dy't ferline wike weromfûn binne, is nep. It keunstwurk ‘Cafe-interieur-restaurant’ fan Isaac Israels is neffens eksperts net echt. It skilderij ‘Paarden in schuur’ fan Wouter Verschuur is dat wol.
De plysje tinkt wol dat beide skilderijen de wurken binne dy't yn 1999 stellen waarden by in oerfal yn Bilthoven. De eigeneresse ferstoar yn 2012, har neiteam krijt de twa skilderijen meikoarten wer werom.
"Brute overval"
Oerfallers stielen yn totaal sân skilderijen yn Bilthoven yn 1999. Soan Jaap Roëll: "Het was een vrij brute overval. Mijn moeder heeft gezien dat de schilderijen werden meegenomen, maar helaas nooit meegemaakt dat ze weer terugkwamen." Se ferstoar yn 2012, twa moannen foardat fiif fan de sân keunstwurken weromfûn waarden.
Fjoerwapens
De plysje fûn de lêste twa skilderijen yn de loads fan in 37-jierrige Ljouwerter. De fjoerwapengefaarlike man waard oanhâlden, tegearre mei in 24-jierrige man út Rijswijk.
Yn de auto fan de Ljouwerter lei in stroomstjitwapen. Doe't de plysje ûndersyk die yn de loads fan de Ljouwerter, waarden de djoere skilderijen en trije kilo himp fûn.