Gondelfeart yn Droegeham heart no ek by nasjonaal erfgoed

© gondelvaartopwielen.nl
De gondelfeart op tsjillen yn Droegeham komt op de Nationale Inventaris Immaterieel Cultureel Erfgoed fan Nederlân. It is ien fan de sân nije tradysjes. Dêrmei komt it totaal op 110. De gondelfeart fynt alle jierren plak, mei blommen fersierde weinen lûke dan troch it doarp.
Om op de list foar immaterieel erfgoed te kommen, hoecht in tradysje net unyk te wêzen. Wol moat it in ûnderdiel fan de kultuer wêze dat fan generaasje op generaasje trochjûn wurdt. Sa kaam in pear jier lyn ek de Hylper kultuer op dizze list te stean.