Selsridende buskes Appelskea meie nije wike wer los

De twa selsridende buskes yn Appelskea gean takom wike wer de dyk op. De gemeente Eaststellingwerf nimt ekstra maatregels om fytsers te wizen op de buskes. Der wurde ekstra buorden pleatst en by it trajekt komme gasthearen om minsken te attindearjen op de selsridende weinen.
Woansdei waarden de beide buskes stilset om gefaarlike situaasjes op it fytspaad tusken de Boerestreek en it besikerssintrum Drents-Friese Wold foar te kommen. Fytsers moasten somtiden yn de berm stean gean om de buskes de romte te jaan en guon skrokken fan de buskes.
De gemeente jout oan dat de buskes altyd stopje as ien te tichteby komt. Boppedat kin de steward yn it buske op de stopknop drukke. De gemeente seit it lykwols wichtich te finen dat fytsers net foar ûnferwachte situaasjes komme te stean en komt dêrom mei de ekstra maatregels.
De selsridende buskes giene ôfrûne moandei foar it earst de dyk op.