Tûzenen Friezen krije útnûging foar Fryske Doarpetop

22 sep 2016 - 11:02
  • Kaart fan Fryslân

Nije wike freed krije sa'n tsientûzen Friezen in brief yn 'e bus mei it boadskip dat se meidwaan meie oan de Fryske Doarpetop. Fan dy tsientûzen kinne úteinlik tûzen minsken har oanmelde om op 5 novimber yn it WTC Expo yn Ljouwert mei-inoar te praten oer de takomst fan it Fryske plattelân.

De boargers dy't útnûge wurde, binne lotte út de basisregistraasje fan de eigen gemeente. Ljouwert, Drachten, Snits en It Hearrenfean dogge net mei. Neffens de organisaasje binne dy plakken te grut om noch fan plattelân te sprekken.

Wa't in brief krijt, kin him of har mei in koade oanmelde op friesedorpentop.frl. De Fryske Doarpetop is de alderearste provinsjebrede boargertop fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)