Segesta stimt yn mei bou huzen oan Griene Strân Skylge

22 sep 2016 - 10:29

De gemeente Skylge en projektûntwikkeler Segesta Groep binne it iens wurden oer in nije ynfolling fan it B&Y-terrein. Oan it Griene Strân by West-Skylge komme 25 rekreaasje-apparteminten en wenhuzen. Segesta sjocht dêrmei ôf fan de bou fan bedriuwsloadsen op it terrein fan it eardere boubedriuw Boersma & Ybema.

De gemeenteried moat noch wol ynstimme mei it plan foar de wenningbou. Dy bûcht him der op 25 oktober oer. It terrein leit al goed tweintich jier braak.

Op Skylge wie in soad wjerstân tsjin de plannen foar de bedriuwsloadsen. Dy soene neffens de beswiermakkers mei 15 meter fierstente heech wurde. Segesta krige earder al in boufergunning fan de gemeente Skylge foar de loadsen. Dy bliuwt stean as de gemeenteried op 25 oktober net akkoart giet mei de wenningbou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)