Arie Aalberts en Fedde Pronk lid fan nije rfk by Caparis

22 sep 2016 - 08:58
  • Arie Aalberts
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

Ald-boargemaster Arie Aalberts en Fedde Pronk binne de earste twa nije leden fan de ried fan kommissarissen by Caparis. De twa trêde op 30 septimber yn tsjinst by it bestjoer fan de sosjale wurkfoarsjenning.

Yn july stapte de ried fan kommissarissen ûnder lieding fan Robert Veenstra op, nei tal fan problemen op bestjoerlik mêd. Aalberts en Pronk moatte noch twa nije kommissarissen beneame. Ek komt der noch in kandidaat fanút de ûndernimmingsried.

Arie Aalberts en Fedde Pronk binne beneamd fanút de GR, dat is de mienskiplike regeling fan de acht Caparisgemeenten. Arie Aalberts is de eardere boargemaster fan Dantumadiel en De Fryske Marren. Fedde Pronk komt út it bedriuwslibben.

Pieter de Kroon

De kandidaat fan de ûndernimmingsried, Pieter de Kroon fan Wynjewâld, is neffens wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert no ek in akseptabele kandidaat. Earder waard de komst fan De Kroon tsjinhâlden troch de ried fan kommissarissen ûnder lieding fan foarsitter Robert Veenstra.

Peter Lincklaen Arriëns en Ben Gerrits

Op dit stuit is Peter Lincklaen Arriëns tydlik direkteur fan Caparis. Hy nimt waar foar direkteur Ben Gerrits dy't siik thús sit. Oft hy weromkomt, is net dúdlik. De nije kommissarissen wolle Lincklaen Arriëns yn alle gefallen noch seis moannen langer yn funksje hâlde. De ûndernimmingsried mei hjir noch wol wat oer sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)