Kollum: "AOW werom nei 65 jier"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Op 22 febrewaris fan dit jier waard ik 47. Ik ha de nacht fan de 21e op de 22e min sliept, dat wit ik noch as de dei fan juster. Net omdat ik senuweftich wie foar myn jierdei, dy flauwekul ha ik al te faak meimakke. Nee, ik ha yn dy nacht in iepen brief skreaun oan steatssekretaris Wiebes oer it lot fan de ZZPer. Ik bin ZZPer, as jim witte wolle hoe’t ik dat wurden bin, moatte jim mar even op myn webside Stikelstekker.frl de brief werom lêze.
De meast brûkte ôfkoarting fan ZZPer is selsstannige sûnder pensjoen. Want dêr komt it by de measten op del. Se wurkje hurd, mar ha faak net de romte om pensjoen op te bouwen, gewoan omdat dat net te beteljen is fan wat se fertsjinje. Of krije, kin ik better sizze. Se kinne harren ek net fersekerje tsjin sykte. Te djoer. Dus binne ZZPers hast nea siik, want dat is net te beteljen. As je der wis fan wêze wolle dat de klus dien wurdt, hier dan in ZZPer yn. Sa wis as de bank.
It wie altyd in moai idee dat je as je 65 waarden, je rekkenje mochten op de ein fan jo wurksume libben. De measten helje dat al mei de tonge op de skuon, as se swier wurk dogge. Litte we earlik wêze, hoefolle stjitlizzers fan 65 binne noch folop oan it wurk en ha de bealch net hast oan ein? Dat binne der net in soad. Ik bin deagraver, dat is ek swier wurk. Ik wie dan ek net bliid mei de ferheging fan de AOW leeftiid. En dan druk ik it sêft út. De útlis fan wêrom’t dat sa nedich moast wie ûnder oaren dat we âlder wurde en langer trochwurkje kinne.
Opnij lit de oerheid sjen dat se gjin maatwurk leverje kinne en gemakshalve alles mar wer oer ien kaam skeare. Want der sille grif beropsgroepen wêze dy’t sûnder muoite noch in jier as wat troch kinne, mar de fysyk swiere beroppen sitte dêr net op te wachtsjen. It liket yn de polityk ek al mar mear oer de koarte termyn te gean. Hap snap. De spoeddebatten as middel om duiding en tiid om nei te tinken te omsilen.
De hjoeddeistige ferwachtings binne moarn wer oars, de opportunisten yn it politike machtspultsje dat lobby hjit, krije mear ynfloed. It jild is op, sizze se. Ferdampe. Minder goede resultaten, minder opbringsten út belizzings. Eins in freeslik idee, dat jo je hiele libben leaud ha dat jo sinten dêr’t je foar wurke ha yn goede hannen wienen. Yn it moaiste (of raarste) gefal steane alle pensjoenopbouwers dy’t no krekt as ik 47 binne, der oer tweintich jier hast itselde foar as de ZZPers dy’t gjin jild hienen om pensjoen op te bouwen. Omdat it jild ferdampe is. Op. Minder wurdich wurden. Troch legere rendeminten ferdwûn. Je soenen der sliepeleaze nachten fan krije.
No hearde ik dizze wike dat it grutste part fan it elektoraat, de kiezers dus, wolle dat de leeftiid fan de AOW werom giet nei 65. Ik kin my dêr hielendal yn fine. Dan ha ik 46 jier wurke en fyn ik it wol hast prima, as ik it meimeitsje mei. Benijd hokker partijen de moed fine om dat yn harren program op te skriuwen. Se soenen der hiel grut mei wurde kinne."