Ryptsjerkster dy't bern lestich falt soarget foar ûnrêst

In 51-jierrige man út Ryptsjerk dy't famkes lestich falt, soarget foar in soad ûnrest yn Gytsjerk, Oentsjerk en syn eigen doarp Ryptsjerk. Neffens âlden dy't oanjefte dien ha by de plysje, sit de man syn slachtoffers op 'e hûd mei seksuele gebearen en hannelingen.
De Ryptsjerkster is earder dit jier feroardiele foar stalking fan froulju. By de sitting yn de Ljouwerter rjochtbank waard dúdlik dat de man swak begaafd is en lijt oan in swiere foarm fan autisme.
Alden wolle aksje
De ferûntrêste heiten en memmen yn De Trynwâlden wolle dat gemeente en plysje aksje ûndernimme sadat de Ryptsjerkster fan strjitte helle wurdt en holpen wurdt. Se binne benaud dat der aanst wat slims bart as der net yngrepen wurdt.
Profesjonele help
De plysje seit dat der ferskate oanjeften binnen kaam binne. "Maar dat is niet de oplossing", fertelt de plysjewurdfierder. Dizze man moat gau saakkundige help krije, is syn advys.
De gemeente Tytsjerksteradiel wit fan de opskuor yn De Trynwâlden, mar wie net berikber foar kommentaar.