Harkemase Boys ferliest yn ekstra tiid by Katwyk

Harkemase Boys is útskeakele yn it KNVB bekertoernoai. De ploech fan trainer Henk Herder ferlear mei 2-1 yn en fan Katwyk. Thúsploech Katwyk spilet yn de twadde difyzje, ien klasse heger as Harkemase Boys.
De Boys hiene it dreech, mar gongen dochs mei 0-0 de twadde helte yn. Jesse Renken sette de Harkiten yn de 53e minút sels op foarsprong. De ferdigener gong mei nei foaren en skeat moai raak. Yn de 77e minút waard it 1-1 troch Robbert Susan. Fier yn de ekstra tiid, yn de 94e minút, soarge Mike van den Ban foar de 2-1.