Aksje om berne-earmoede tsjin te gean

21 sep 2016 - 21:58

ROOD, de jongereinôfdieling fan de Sosjalistyske Partij SP fiert tongersdeitejûn yn Ljouwert aksje tsjin berne-earmoede. De aksjefierders dogge dit troch middel fan in ludyk protest. Se sille minsken op strjitte belûke by in rollespul dat draait om miljonêrs en earme bern.

ROOD-wurdfierder Hillo van de Meulen wol in miljonêrsbelesting foar de riken ynfiere, om sa earme bern út de earmoede te helpen.

Sitaat Hillo van der Meulen

"Op het moment leven er 400.000 kinderen in Nederland in armoede. Door het invoeren van een miljonairsbelasting van 1% kunnen we die kinderen uit de armoede halen", seit Van der Meulen. "Het is belachelijk dat in een rijk land als Nederland er kinderen zijn die niet elke dag goed eten, geen verjaardagsfeestjes kunnen geven en niet naar een sportvereniging kunnen. Met de invoering van een miljonairsbelasting zou dit probleem in één keer opgelost kunnen worden!"

De aksje set tongersdeitejûn om 19.00 oere útein op it Waagplein.

Trefwurden: 
berne-earmoede SP Rood aksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)