Nordwin College min te sprekken oer besunigingen

It Nordwin College is net te sprekken oer de besunigingen op it mbo. Der moat sa'n 1000 euro per learling per skoaljier ynlevere wurde. Dêrtroch binne der op de skoalle, mei ferskate fêstigingen yn Fryslân, minder oeren beskikber foar praktykûnderwiis.
Neffens Ton Stierhout, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer, is dat krekt sa wichtich foar de studinten. "We vinden het belangrijk, maar we moeten het nu zelf betalen. Dat legt druk op onze instelling. We wringen ons in alle bochten en wegen om het toch voor mekaar te krijgen."
"Maar er wordt bezuinigd en dus zijn er minder uren praktijkonderwijs beschikbaar", fertelt Stierhout.
Der binne njonken it Nordwin College noch 13 skoallen dy't deselde problemen hawwe. Der is in soad kontakt mei it ministearje fan ekonomyske saken, dêr't de skoallen ûnder falle. Harren hoop is festige op in nij kabinet. "Hier zit niet veel schot meer in", sa seit Stierhout.