Keepster Loes Geurts nei Paris Saint-Germain

21 sep 2016 - 19:49

Fuotbalster Loes Geurts fan Hichtum makket de oerstap nei de Frânske topklup Paris Saint-Germain. De 30-jierrige keepster fan it Nederlânsk alvetal komt oer fan de Sweedske klup Göteborg FC. Geurts begûn har karriêre by VV RES Boalsert. Dêrnei hat se ûnder oaren yn Amearika, Dútslân, Nederlân en ferskate Sweedske klups spile. By PSG begjint se oan in nij aventoer yn in nij lân.

Yn Parys tekenet Geurts in kontrakt foar twa jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)